Einekoer flechtsjen

08-01-2012

Hjirby in útnoeging om diel te nimmen oan de oprjochtings gearkomste fan de Fryske Fer. fan Einekoerflechters.( ,,De Strampel”?)

Fryslân hat in kultuer op it mêd fan einekoerflechtsjen.Lykwols, lyk as mei safolle âlde ambachten driget ek it einekoerflechtsen meidertiid yn Fryslân ferlern te gean. Mar wat is Fryslân by ‘t maaitiid sûnder einekuorren!

It soe dochs in ferskraling wêze fan it Frysk eigene.Derom dizze oprjochtings gearkomste op:

Datum ; freed 27 jan 2012
Plak ; ,,De Trilker” te Poppenwier
Tiid ; jûns acht oere

Doel is it behâld fan it einekoerflechtsjen yn Fryslân. Om dit doel te berikken kin der tocht wurde om yn fer. ferbân te wurkjen oan;

· Hystoaryske beljochting fan it kuorkjen.
· Kennis nimme fan flechtmethoaden
· Behâld fan streek-eigen flechtmethoaden en materialen
· It oarganisearjen fan kurses.

Dit soe fierder útwurke kinne troch bygelyks;

· Gearstallen fan in ynstruksje boekje mei flechtmethoaden
· It opsetten fan in netwurk fan learmasters dy’t kursussen jouwe
· Mooglik mienskiplik ferbou fan material (flaaks) of skarren fan reid
· Dielnimme oan ambachtlike merken
· Organisearjen fan in beurs.

De Beurs;

Hjirby tink ik oan in demonstraasje fan einekoerfjechters dy’t hjir ek harren kuorren oanbiede foar de ferkeap. Keaplju, mar ek partikulieren kinne hjir dan in kar meitsje út de oanbeane kuorren. De beurs sil foar it earst hâlden wurde op;

Oan’t sjen, Gjalt de Groot

Datum ; sneon 18 feb. 2012 Miedwei 11
Plak ; De Trilker te Poppenwier 9151AH Holwert
Tiid ; fan 10.00 oan 17.00 oere 0519-561784
gj.d.groot@hetnet.nl

 

Graach dit berjocht troch jaan oan oare einekoerflechters.