Verhalenwedstrijd

In het kader van haar jubileum organiseerde de BFVW in samenwerking met de Leeuwarder Courant een

Vogel-verhalenwedstrijd 

Hieronder het winnende verhaal:

Lucky 
 
Doe’t de grutte swarte roeken it einenêst ûntdieken yn de âld’ koer, dy’t ik foar in prikje yn de omskaaiwinkel Kereweer kocht hie, dûkten se der manmachtich op ta. It stille broed einaaien, noflik ûnder plom bedutsen, waard raar fersteurd. Mei wrede snaffels houden se der op yn. Aaien, strie en fear fleagen wech ende wear. It nêst waard teroppe. Ik fleach sûnder jas nei bûten en jage se, malbearend, fuort. Heech yn de beam foeteren se my lûd skatterjend út. Op ‘e grûn lege doppen. Mar yn it teheistere nêst wie ien aai lizzen bleaun. 
 
De brodske hin hie, nei’t der fjouwer piken útkaam wiene, har nocht. Klôkjend kuiere se mei in fjouwerspan de stjelp op en del en taalde net nei wat se achterliet. Fiif bebrette aaien en it iene einaai, dat ik der by ûnder lein hie, naam ik mei yn ‘e hûs. Ik soe se sels fierder útbriede moatte. In waarm lapke ûnder yn in hege bus, in lampke der boppe. It wurke. Dei oan dei kaam der in hinnepykje út. Elke twa dagen, nei’t se wat opwoutere wiene, joech ik de kloek  der in pykje by, dat se dalik ûnder har waarme wjokken beflapte. De lêste twa wiene lytser en hiene wat langer wurk om by de tiid te kommen. Se krigen pike-opfokfoer en hjouwerflokken, dêr’t se wat ôfwêzig yn om pikten. Yn it ein-aai begûn ek wat te risseljen. Op in jûn, ik hie it aai krekt by it ear holden om te lústerjen nei de sêfte piiplûdsjes, liet ik it út myn hannen knoffelje. It kletste op it oanrjocht. Ferbjustere seach ik dat de dop stikken wie. Skerfkes dop leine der omhinne. Hjir soe noait in pyk útkomme.  
 
De oare moarns lei der, op ‘e side, àl in útkommen einepyk. Wiet en kâld, plat en smoarch fan it pike-iten en de hjouwerflokken. Twa hinnepiken trapen oer him hinne en pikten it fûleinich yn it slappe bealichje.  It lytse hertsje sloech, it bealichje gie op en del. In grouwe bal puolle ta it lyfke út. Nâlebrek. Ik sette de waarme kraan iepen en spielde de measte smoargens fan him ôf. Beteare it yn in fodsje en naam it mei nei boppen. Pakte de föhn út ‘e kast en bloes it droech en waarm. It lei akelich slap  yn myn hân. Ik druppele wat ûntsmettingsmiddel op it útpuollende  baltsje en treau it foarsichtich yn it lyfke werom. Pleisterspray der oer hinne. Der kaam in nij skjin lapke ûnder yn de bus, it lampke der wer waarm boppe. It weake lijerke der ûnder.  It piipke earmhertich. De hinnepiken brocht ik nei de mem, dy’t har der dalik wer grutmoedich oer ûntferme.  
In dei letter pipe it lûder. Wraksele. Focht om oerein. Dat slagge net. Mar twa dagen letter krige it de poatsjes der ûnder, mar it kopke wie te swier. Foarsichtich treau ik sa út en troch it snaffeltsje yn in kûmke mei wetter. Understeune it kopke, dat der by bongele, wat omheech sadat in bytsje wetter der yn glide. It snaffele en it slokte!  De tredde dei siet it rjochtop en skarrele fan ’t plak. De kop siet der op!  
Hy wie skril, woe flechtsje, fuort! Ik liet him oan myn hannen wenne. Prate tsjin him. Stadichoan akseptearre er de sitewaasje. 
Begûn antwurd te jaan at ik him by  namme neamde.  
 
‘Lucky!’ 

Meer informatie: