It Sulveren polske

Priis foar 1ste ljipaai jeugd: It Sulveren Polske 

It Sulveren Polske is de priis foar dy jonge of dat famke oant en mei 12 jier dy’t as earste yn Fryslân in ljipaai fynt.
Doel fan dizze priis is te stimulearjen dat bern it fjild yn gean, de natuer kennen leare en goede neisoargers wurde.

De BFVW is al langer aktyf de jeugd mear by de natuer te belûken. Sa binne d’r ferskate fûgelwachters oplieden ta jeugdbegelieder, komme jeugdfûgelwachten fan ‘e grûn en binne d’r, yn gearwurking mei de Provinsje, alve leskisten ‘greidefûgels’ beskikber om te brûken op skoallen. En sa is yn 2003 een priis ynsteld foar it earste (jeugd) ljipaai.

It Sulveren Polske is makke nei een ûntwerp fan sulversmid Jan Soeten silger fan Twellegea troch juwelier Luehof te Snits.
It Polske stiet klear yn ’e feart en noeget út it frije Fryske fjild yn te gean!
Aaisykjen en pols heare byelkoar: “ljeppend efter de ljip oan”!

Spulregels by it finen:
• De fynder/fynster is jonger as 13 jier.
• It finen bart folslein selsstannich.
• It stee en it tiidstip bepale en sa gau as mooglik melde by de pleatslike fûgelwacht.
• Fansels jilde ek de bepalings lyk as by it 1ste Fryske ljipaai.
• De oanmelding fan it 1ste ljipaai rint fia de pleatslike fûgelwacht nei it HB BFVW bij 
    Johan van Aalsum tel. 0513-688203 of 
    Marco Hoekstra tel. 06-45221590.
• It Haed Bestjûr makket een ôfspraak mei it Provinsjehûs.

Yn 2003 krige Sander Bokma út Warkum it Sulveren Polske foar it finen fan it 1ste jeugdljipaai.
Ek yn 2004 wie de Deputearre Natuer (mefr. Anita Andriesen) ree om it 1ste jeugdljipaai yn ûntfangst te nimmen en ‘It Sulveren Polske’ út te rikken dit kear oan
Thijs de Vries út Rinsumageast.
Hij foun it aai op 18 maart 2004 roun 15.30 ûre op it lân fan syn Heit.
Yn 2005 wie it aaisykjen jammernôch ferbearn en koe “It Sulveren Polske” net útrikt wurde.
 

De komplete list sjocht der sa út:

Sander Bokma Workum 15 maart 2003
Thijs de Vries Rinsumageest 18 maart 2004
    Ferbean
Bonne Postma Workum 28 maart 2006
Mente de Boer Nijland 9 maart 2007
Fabian Noordhuis Bolsward 9 maart 2008
Geert Dijkstra Winsum 13 maart 2009

 

Jonges en famkes, ûntdek de natuer gean it fjild yn, hâld jim oan de spulrigels en fyn it earste ljipaai.

Foar ynformaasje: 
Johan van Aalsum (foarsitter Kommisje Edukaasje BFVW)
0513-688203 

                                                                                                                                       
info@bfvw.nl
 


Laatst gewijzigd: 2009-10-24